Waarpraatsje: Rêstich neisimmerwaar

septimber 15, 2021 19:08

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Mei de buien foel it woansdei wol ta, mar it wie wol in skiere dei mei earst dizenich en dampich waar. It bliuwt rêstich neisimmerwaar.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta is de loft berûn en op guon plakken soe sa út en troch wat storein falle kinne. De swakke wyn komt út it westen, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige oant frij krêftige noardwestewyn. It wurdt 12 graden.

Tongersdei is it earst skier, mar yn ‘e middei wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet earst noch wat mear wyn. It wurdt krapoan 20 graden.

Nei tongersdei bliuwt it rêstich waar, mar de sinne hat it wol frij dreech.

Jan Brinksma

septimber 15, 2021 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.