Waarpraatsje: Rein en minder myld

septimber 27, 2021 18:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau moandei lang drûch, mar lang om let waard it dan dochs wiet, al foel it wol wat ta. Fan woansdei ôf bliuwt it foarearst gjin dei drûch.

Yn ‘e nacht nei tiisdei ta binne der opklearringen, mar op guon plakken soe in bui falle kinne. De sudewyn is swak, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige oant frij krêftige súdwestewyn. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar der kin ek noch in bui falle. Yn ‘e middei binne der hingelwolken. De swakke oant matige súdwestewyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei nei it suden oant súdeasten. De temperatuer leit krekt ûnder de 20 graden.

Fan woansdei ôf reint it alle dagen sa út en troch en de temperatuer sakket noch wat fierder.

Jan Brinksma

septimber 27, 2021 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.