Waarpraatsje: Oergong nei ritich waar

septimber 26, 2021 19:33

DE JOUWER – It wie yn it wykein suver wat near, mar foar it grutste part wol skier neisimmerwaar en it bleau snein ek net oerol hielendal drûch.  Fan moandei ôf wurdt it minder stabyl.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it mei 15 graden in mylde nacht.

Moandei rekket de loft stadichoan hielendal berûn en yn ‘e middei set it op in reinen. Yn ‘e jûn klearret it wer wat op. De wyn komt út it suden en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar in skoft krêftich, miskien wol hurd. Yn ‘e rin fan ‘e dei rommet de wyn nei it westen en jout er him wat del. It wurdt 20 graden.

Tiisdei bliuwt it drûch, mar de oare dagen fan dizze wike reint it sa út en troch.

Jan Brinksma

septimber 26, 2021 19:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.