Waarpraatsje: Oar waar kommendewei

septimber 8, 2021 19:05

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in neisimmerdei mei in gouden râne. De hiele dei sinne en hege temperatueren, mar fan tongersdei ôf sil it waar feroarje.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder en by in swakke oant matige easte- oant súdeastewyn is it mei 15 graden tige myld.

Tongersdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. De kâns op in bui is yn Fryslân, nei alle gedachten, noch net hiel grut. De wyn giet stadichoan nei it súdwesten en wurdt matich. De temperatuer leit tusken de 22 en 26 graden.

Freed falle der (tonger)buien, mar it is noch wol oan de waarme kant.

Jan Brinksma

septimber 8, 2021 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.