Waarpraatsje: Oan de waarme kant

septimber 13, 2021 19:02

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei oer it generaal dochs in skiere dei, mar tiisdei soe de sinne dan wis better te sjen wêze moatte.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft wat berûn en it kin dizenich wurde. De eastewyn is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 10.

Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar der is wol hege bewolking. De kâns op in bui, letter op ‘e dei, is yn Fryslan, nei alle gedachten, net sa grut. By in matige eastewyn leit de temperatuer tusken de 20 en 24 graden.

Woansdei is der wol kâns op in bui en wy sjogge de sinne net in soad. It bliuwt wol myld.

Jan Brinksma

septimber 13, 2021 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.