Waarpraatsje: Noflik en rêstich neisimmerwaar

septimber 21, 2021 19:05

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Troch in berûne loft waard de nacht fan moandei op tiisdei minder kâld as ferwachte, en tiisdei oerdei wie der sinne en bewolking. It bliuwt ek woansdei rêstich neisimmerwaar.

Yn ‘e nacht nei woansdei ta binne der flinke opklearringen, mar bewolking sit de útstrieling sa út en troch wol dwers. Dêrom leit de temperatuer by in swakke westewyn dochs wer om de 10 graden hinne. Der kin op guon plakken wol wat damp ûntstean.

Woansdei skynt de sinne geregeld, mar der is ek wol wat hege bewolking. De wyn komt út it westen en is matich, mar yn it Waadgebiet boazet de wyn wat oan en wurdt frij krêftich. It sil hast 20 graden wurde.

Tongersdei is it skier mei kâns op in drip rein.

Jan Brinksma

septimber 21, 2021 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.