Waarpraatsje: Moandei wat mear sinne

septimber 12, 2021 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part fan de tiid, skier wykein krije wy moandei wer wat mear sinne.

Yn ‘e nacht nei moandei ta is de loft berûn en der soe wat storein falle kinne. By in matige noardwestewyn wurdt it 13 graden.

Moandei kin it earst noch skier wêze, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. It bliuwt, sa goed as, drûch. De wyn is swak en komt út ferskillende rjochtingen, mar letter op ‘e dei giet de wyn nei it noardeasten en boazet er by de kust lâns en boppe de Iselmar wat oan. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Tiisdei en woansdei falle der in pear buien.

Jan Brinksma

septimber 12, 2021 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.