Waarpraatsje: Moai neisimmerwaar

septimber 18, 2021 19:39

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy hiene sneon hiel kreas neisimmerwaar en dat hâlde wy noch in pear dagen.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. It soe ek wat dizich wurde kinne. By in swakke oant matige eastewyn wurdt it 12 graden.

Snein skynt de sinne geregeld, mar (wat) bewolking is ek net útsletten. De wyn komt út it easten en is swak oant matich, mar yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt krapoan 20 graden.

Moandei feroaret der net folle oan it stabile waar. By in swakke oant matige noardeastewyn sjogge wy de sinne wol wat minder en it wurdt in graad as 18.

Jan Brinksma

septimber 18, 2021 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.