Waarpraatsje: It skeelt in jas

septimber 29, 2021 18:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieminne woansdei en it bliuwt foarearst ek hjerst.

Tiisdeitejûn en yn ‘e nacht nei tongersdei ta falle der buien. De wyn giet fan it westen nei it súdwesten en jout him yn ‘e rin fan ‘e nacht wat del, mar it bliuwt rûzich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne earst sa út en troch, mar yn ’e middei rekket de loft wer berûn en wurdt wer reinich. De sude- oant súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e jûn boazet de wyn dêr flink oan. It wurdt net folle waarmer as 13 graden.

Freed en yn it wykein is it skier en wiet.

Jan Brinksma

septimber 29, 2021 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.