Waarpraatsje: It bliuwt noflik neisimmerwaar

septimber 23, 2021 18:42

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere en rûzige tongersdei krije wy no wer in pear moaie neisimmerdagen.

Yn ‘e nacht nei freed ta is de loft berûn. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is matich, mar yn it Waadgebiet earst noch frij krêftich. It wurdt 12 graden.

Freed is it earst noch skier, mar geandewei sil de sinne grif noch skine. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt krekt gjin 20 graden.

Yn it wykein is it oan de waarme kant.

Jan Brinksma

septimber 23, 2021 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.