Visit Wadden presintearret eigen tydskrift ‘In Eigen Land’

septimber 16, 2021 08:52

Visit Wadden presintearret it In Eigen Land-tydskrift, dat dizze kear hielendal yn it teken fan it Waad stiet. Mei de redaksjes fan Columbus, FietsActief en Roots makke de organisaasje de spesjale edysje mei mar leafst 101 tips om it Waad te ûndergean. De alderearste eksimplaren binne ôfrûne tiisdei oerlange oan trije ûndernimmers út it Waadgebiet dy’t sels yn it tydskrift neamd wurde.

Barbara Rodenburg fan ’t Ailand Lauwerseach (boarne: Visit Wadden)

Nauwe gearwurking en ko-kreaasje
In Eigen Land is in útjefte fan Columbus Travel, yn gearwurking mei Roots en FietsActief en ferskynt trije kear yn it jier. De oplaach is diskear ekstra grut en telt mar leafst 70.000 stiks. In Eigen Land is ornearre foar de aventoerlike, duorsume reizger dy’t it leafst bûten de gewoane paden op syk giet nei de moaiste peareltsjes. Tink oan hoareka, musea, fyts- en kuierrûten, plakken om te oernachtsjen en aktiviteiten lykas waadrinnen, drûchfallen op in skip en noch folle mear. Dy peareltsjes binne mei soarch selektearre en útljochte troch de redaksjes yn gearwurking mei Visit Wadden.

Mark de Greef, Vis van Havenzicht Den Oever (boarne: Visit Wadden)

In Eigen Land
In Eigen Land lit sjen wêrom’t it hjir yn Nederlân sa goed is. Spesjaal foar wa’t thúsbliuwt en deitochten meitsje wol. Mei de moaiste fyts- en kuierrûten, kulturele tips, spektakulêre natuerfotografy en reportaazjes oer de aldermoaiste doarpen en stedsjes. Der is ek folop omtinken foar lokale gastronomy, bysûndere sliepplakken en ynspirearjende aktiviteiten mei bern.

Gerard Ypenga fan Het Brouwdok Harns (boarne: Visit Wadden)

septimber 16, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.