Tûzenen migranten hâlde ûnder Amerikaanske brêge ta

septimber 18, 2021 09:55

Tûzenen migranten hâlde mei-inoar ta ûnder in brêge yn Teksas oan de grins fan de Feriene Steaten mei Meksiko. It Amerikaanske regear stiet foar de útdaging om de opfang fan it grutte tal asylsikers yn goede banen te lieden.

Del Rio (kaart: Wikipedia/Alexrk – CC BY 3.0)

De lokale autoriteiten rûze dat it om 12.000 migranten giet. It grutste part dêrfan komt út Haïty. Ut Meksiko wei koene se de Rio Grande oerstekke nei de Feriene Steaten ta. Underwilens sitte guon húshâldingen al goed seis dagen by de brêge yn Del Rio.

Nei de ferrinnewearjende ierdskoddingen yn 2010 lutsen in protte Haïtianen nei Súd-Amearika. Doe’t it nei de Olympyske Spullen fan 2016 ek yn Rio Janeiro dreger waard om oan wurk te kommen, giene in protte te foet, mei in bus of in auto nei de grins mei de Feriene Steaten. It is ûndúdlik wat no laat hat ta de hommelse tastream fan it grut tal migranten út Haïty. Neffens parseburo AP soe in mooglik ferklearring wêze kinne dat it Amerikaanske regear oankundige hat kwetsbere asylsikers net langer samar ta de Feriene Steaten ta te litten.

Presidint Biden hat in part fan it neffens him ynhumane ymmigraasjebelied fan syn foargonger Trump tebekdraaid, mar in regeling dy’t mei de koroanakrisis fan krêft waard om migranten fluch weromstjoere te kinnen, is noch fan krêft. Freed oardiele in rjochter dat dy regeling net mear op húshâldens tapast wurde mei. It regear-Biden is tsjin dy útspraak yn berop gien.

septimber 18, 2021 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.