Troanrede oanknopingspunt foar Fryske transysjes

septimber 22, 2021 09:54

De oankundige maatregels yn de Troanrede sjocht it Fryske provinsjebestjoer as in stipe yn ’e rêch, mar der binne ek miste kânsen. It demisjonêre kabinet set it kommende jier benammen yn op klimaat en wentebou, mar pakt net troch mei de stikstofoanpak.

“Der komt ekstra subsydzje om bedriuwen te helpen duorsumer te wurden. Benammen foar lytsere ûndernimmers is dat tige wolkom”, reagearret enerzjydeputearre Sietske Poepjes. “De grutte bedriuwen rêde har meastentiids wol.” Ek moai is it ekstra jild foar ynfrastrukturele foarsjenningen om wetterstof en waarmte transportearje te kinnen. “Yn in wetterrike provinsje as Fryslân meitsje wy serieus wurk fan wetterwaarmte: waarmtewinning út wetter. In goede ynfrastruktuer om dy waarmte op de goede plakken te krijen, is essinsjeel om fan wetterwaarmte in duorsum sukses te meitsjen.”

De kening helle ek it klimaatrapport fan it Intergovernmental Panel on Climate Change (IPCC) oan. Feangreidedeputearre Douwe Hoogland: “Fan alle feangreidegebieten yn Nederlân nimt Fryslân 31% CO2-útstjit foar syn rekken. Wy hoopje dan ek dat it ekstra bedrach fan 7 miljard euro foar it beheinen fan CO2-útstjit ynsetber is foar de Fryske feangreide-oanpak”.

“Elke tiid is in oergongstiid, sei de Kening. Der is in soad yn beweging op de fierstente krappe wenningmerk, de ekonomy en berikberens oer it spoar. De Twadde Keamer frege foar dy tema’s, dy’t ús brede wolfeart reitsje en in lange azem freegje, om in Deltaplan foar it Noarden”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. “Regearje is foarútsjen. Mei oare noardlike provinsjes en gemeenten wurket Fryslân der hurd oan om dy útdagingen op te pakken.”

Foarearst gjin ekstra stikstofmiddels
Kommissaris fan de Kening Brok is wiis mei de ferbinende toan fan de kening. Hy neamt it posityf dat de lânbou en feiligens fan iten neamd binne, spearpunten fan de provinsje. “Fryslân is in lânbouprovinsje en wol dat bliuwe. De sektor sit yn in transysje, hat grutte ynnovaasjekrêft en is mei beskiedend foar de identiteit fan ús lânskip.”

Dochs bliuwt der ûnwissigens foar de boeren. It Ryk komt yn 2022 foarearst net mei oanfoljende middels om de stikstofkrisis oan te pakken. Lânboudeputearre Fokkinga: “As lânbouprovinsje steane wy njonken ús boeren en binne wy hieltyd mei harren yn petear, ûnder oare op it stikstofdossier, mar ek yn it trajekt fan de lânbou-aginda. Wy wolle ús boeren perspektyf biede. De stikstofproblematyk is in driuwend probleem en it is in miste kâns dat it kabinet no gjin ekstra jild beskikber stelt. Wy ferwachtsje dat it nije kabinet dêrmei yn ’e slach giet om boeren, mar ek oare sektoaren dúdlikens te jaan foar de lange termyn.”

septimber 22, 2021 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.