Tomkes jierdeifeestje: in slagge feest foar lyts en grut

septimber 20, 2021 09:00

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomkes jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfekken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t de nije Tomkeskriuwers ek bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

Foto: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke

“Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat juny de Tomkefeestmoanne wêze soe mei in Tomketoer, alderhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomkes jierdeifeestje net ien grut feest makke, mar trije lytsere. It feest wie der absolút net minder om!”

Jierdeifeestje foar de lytskes
Mei it fleurige Tomkedraaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomkeferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest folslein.

It ‘grutteminskefeestje’ 
Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld-)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomkeprojekt. Der wiene sprekkers en de nije Tomkeskriuwers waarden ek bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomkeskriuwwedstriid organisearre. Goed sechstich moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: “Tomke bestiet 25 jier, mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.”

septimber 20, 2021 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.