Sutelaksjes yn ’e hjerst
Resint ferskynd
De kroaden mei Fryske boeken komme wer op ‘e streek! Op 17 septimber yn Kimswert, 20 septimber yn Balk, 25 septimber yn Terwispel , 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober op De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea en 20 oktober yn Easterwierrum.
Ferieningen of oare klups kinne sels ek in sutelaksje organisearje. Dat kin in moaie finansjele ynstruier wêze. Mear as fyftich doarpen yn Fryslân dogge al mei en kinne dêrmei sels de nije shirts foar it jeugdteam, dat begearde ynstrumint foar it korps of dat moaiere dekôr foar de toanielútfiering fertsjinje. De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De sutelaksje biedt harren de kâns om mei in lytse ynspanning (twa, trije oerkes sutelje) de klupkas te spekken.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje