Stiltme (gedicht)

septimber 4, 2021 09:30 Fernijd

Stiltme

Foto: pixabay.com

In hauk lavearret lûdleas
oer my hinne
fleanmasinen lûke streken as pylken
tsjin de winterblauwe loft
in satynsêfte see
dûnset de tango
mei it eilân oan ’e kime
it fiere driigjen
fan in grânzgjende Noardsee
lûkt my mei
yn in sakrale stiltme.

Inne Bilker

septimber 4, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.