Sprinter nei it suden rydt troch nei Swol

septimber 7, 2021 10:19

Foto Prov. Fryslân

Sûnt juster rydt de Sprinter Ljouwert – Meppel troch nei Swol. Deputearre Avine Fokkens-Kelder fan de provinsje Fryslân, regiodirekteur NS Maarten Haverkamp, wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert en Rocov-foarsitter Ton Ettema stapten op stasjon Grou-Jirnsum yn de earste trein. Op stasjon Akkrum stapte wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente It Hearrenfean yn. Wethâlder Jack Jongebloed fan de gemeente Weststellingwerf hjitte elkenien wolkom op stasjon Wolvegea.

De Sprinter Ljouwert – Swol is in winsk dy’t al langer op it listke fan de provinsje en de NS stie. Foar reizgers betsjut dat in ferbettering fan de tsjinstregeling. Reizgers fan de stasjons Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea kinne no op wurkdagen streekrjocht mei de trein nei Swol. Dêr kinne se maklik oerstappe op fierdergeande treinen nei bygelyks Arnhim Sintraal of De Haach Sintraal. De tiidwinst nei Swol bedraacht likernôch tsien minuten.

De oanpassing fan de tsjinstregeling past yn de ambysje fan it provinsjebestjoer om it Noarden en de Rânestêd better mei-inoar te ferbinen. De ferbettering hie al earder yngean sillen, mar de nije ynfrastruktuer om Swol hinne liet noch op him wachtsje.

De Sprinter Ljouwert – Swol rydt fan moandei oant en mei freed fan moarns ier oant 20.00 oere, twa kear yn ’e oere beide kanten út. Jûns en yn ’e wykeinen rydt er ien kear yn ’e oere tusken Ljouwert en Meppel.
Mear ynformaasje oer de tsjinstregeling is te finen yn de reisplanner fia www.ns.nl

septimber 7, 2021 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.