Splinter Chabot stim efter audiotoer ‘Icons’ yn Frysk Museum

septimber 9, 2021 08:45 Fernijd

By de útstalling Icons: stopstikken út de National Portrait Gallery, dy’t op 11 septimber iepene wurdt, kin gebrûk makke wurde fan in audiotoer, ynsprutsen troch skriuwer, programmamakker en politikooch Splinter Chabot.

Splinter Chabot (boarne: Frysk Museum)

Yn de audiotoer nimt Chabot de besikers mei yn fjirtjin libbensferhalen fan de foarfjochters en rebellen dy’t yn de útstalling ferskûle binne. De audiotoer kostet € 1,50 en is te boeken by in online tagongkaart fia friesmuseum.nl/tickets. De audiotoer is sawol yn it Nederlânsk as yn it Ingelsk beskikber.

Splinter Chabot
Splinter Chabot is programmammakker, skriuwer en politikooch. Foar AVROTROS makket er syn eigen praatsjo SPLNTR!, dêr’t er jonge, foaroansteande én net-aldendeiske gasten yn ûntfangt út de wrâld fan keunst, kultuer, polityk en media. Begjin 2020 ferskynde syn debútroman ConfettiRegen, oer in jonge en syn wrakseling mei en syktocht nei himsels. Letter dat jier ferskynde syn twadde boek Roze Brieven en hy is dit jier ien fan de auteurs fan it jongereinboekewikegeskink 3PAK.

septimber 9, 2021 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.