SPD wint Dútske ferkiezingen
Resint ferskynd
De sintrumloftse SPD hat de Dútske Bûnsdeiferkiezingen mei 25,7 persint fan de stimmen wûn. De sintrumrjochtse CDU/CSU folget op it twadde plak mei 24,1 persint fan de stimmen, it minste lanlike resultaat yn de skiednis fan de partij. Dat docht bliken út de foarriedige útslach nei it tellen fan de stimmen yn alle kiesdistrikten.
De Grienen einigen mei 14,8 persint as tredde partij, it bêste resultaat ea foar de partij. Dêrnei folgen de liberale FDP (11,5 persint) en de rjochtspopulêre AfD (10,3 persint). Die Linke sakket mei 4,9 persint ûnder de kiesdrompel, mar troch it distriktestelsel hawwe yn elts gefal trije ôffurdigen har fan in sit yn de Bûnsdei fersekere.
SPD-listlûker Olaf Scholz wol it inisjatyf nimme om yn de formaasje in koalysje te foarmjen en dêrby wol er Angela Merkel as bûnskanselier opfolgje. Syn foarkar giet út nei in koalysje mei de Grienen en de FDP. CDU-lieder Laschet sei sneintejûn mei klam dat er ek kanselier wurde kinne soe. Hy hopet op gearwurking mei de Grienen en de FDP.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje