Sosjale hierwenten Fryslân ynoarder, mar yn oare provinsjes faak drama

septimber 18, 2021 13:22

Yn 2011 stoarte in balkon oan dizze hierflet fan de  doetiidske korporaasje Woon Friesland oan de Ljouwerter Antillewei yn

In protte sosjale hierwenten yn Nederlân steane der striemin by. Se wurde troch de korporaasjes net goed ûnderhâlden, ek al binne dy dêr wetlik wol ta ferplichte. Dat kin ta gefaarlike situaasjes liede, sawol foar de bewenners, bygelyks troch skimmel, as foar oaren, bygelyks trochdat balkons op ynstoarten steane.

Sa’n fjouwer persint fan ‘e Nederlânske sosjale hierwenten is yn in te minne steat, docht bliken út ûndersyk fan de Autoriteit Woningcorporaties. Dat jildt nammers net foar Fryslân. De Fryske korporaasjes hawwe it oer it generaal goed foarinoar. Yn Rotterdam is dat oars. Ferhierder Woonstad Rotterdam makket it hielendal bûnt: de helte fan de wenten fan dy korporaasje is yn in minne tastân. ProWonen yn de Efterhoeke en Woningbedrijf Velsen yn Noard-Hollân hawwe ek mear as fjirtich persint minne wenten.

Woonstad Rotterdam en Aedes, de belange-organisaasje fan wenningkorporaasjes, sizze tsjin RTL dat de korporaasjes te min jild hawwe om it ûnderhâld út te fieren. In soad sosjale hierwenten sille de kommende jierren sloopt wurde, seit Aedes.

septimber 18, 2021 13:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.