SLAH ferwolkommet Amara van der Elst en Myron Hamming

septimber 19, 2021 08:47 Fernijd

Nei in jier fan stilte kinne de skriuwersjûnen yn Museum Belvédère wer úteinsette. Op tiisdei 5 oktober ferwolkommet de SLAH (Stifting Literêre Aktiviteiten Hearrenfean) Amara van der Elst en Myron Hamming yn it museum. Op in jûn fan it sprutsen wurd sille de artysten oer harren wurk fertelle en harren poëtyske teksten foardrage. Spoken word is in relatyf nij literêr sjenre, dat mei bekend wurden is troch it optreden fan Amanda Gorman mei ‘The hill we climb’ by de ynauguraasje fan Joe Biden op 20 jannewaris fan dit jier.

Amara van der Elst (boarne: SLAH)

Datum: tiisdei 5 oktober 2021
Lokaasje: Museum Belvédère, Oranje Nassauleane 12, It Hearrenfean-Oranjewâld
Tagong: € 10,- (donateurs en jongelju betelje € 5,-), allinnich kontant beteljen mooglik
Seal iepen: 19.30 oere | oanfang 20.00 oere

Amara van der Elst (20 jier) is hikke en tein yn De Haach, mar har thús is op it poadium. Hja set ferhalen út it libben oer yn wurden en/of beweging. Begûn as winner fan de kategory Taal by Kunstbende Súd-Hollân, groeide se troch as sprutsenwurdartyst by Woorden Worden Zinnen yn it Paard yn De Haach, op Befrijingsfestivals, yn it Nieuwe Luxor en mear. Underwilens is se lanlik bekend troch har foardracht op De Dam by de Nasjonale Deadebetinking. Se folget ek de oplieding kreatyf skriuwen oan de ArtEZ-Hegeskoalle foar de Keunsten.

Myron Hamming (boarne: SLAH)

Myron Hamming is in 26-jierrige sprutsenwurdartyst, dy’t twa jier lyn syn baan opsein hat en dêrnei alles op alles sette om stedsdichter fan Grins te wurden. En mei sukses. Foar dyselde stêd waard er Ambassadeur fan de Frijheid op 5 maaie. Hy trede op foar BNNVARA en de NPO, en wurke gear mei it Noard-Nederlânsk- én Noardpoalorkest. Yn desimber 2020 naam er syn earste literêre priis yn ûntfangst by de Martin Luther King-spokenwordpriis. Syn folgjende doel? De earste sprutsenwurdartyst te wêzen dy’t Dichter fan it Heitelân wurdt.

Yn it skoft is der gelegenheid om in fleugel fan it museum te besytsjen. Boekhannel Binnert Overdiep stiet mei in kream yn it Museumkafee.

Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei de SLAH: reserveer@slahheerenveen.nl.

septimber 19, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.