Skjinne ko kin helpe by stikstofproblematyk

septimber 15, 2021 08:52

It makket in ko neat út wêr’t er delskyt of -miicht: yn ’e greide, op ’e stâl of dêr tuskenyn. Sa wie it altyd. Lykwols is it in groep Dútske en Nij-Seelânske wittenskippers slagge om keallen skjin te meitsjen. It soe neffens harren in part fan de oplossing fan it stikstofprobleem wêze kinne.

Foto: pixabay.com

Troch de miich fan kij op in spesifyk plak op te fangen, kin dy him net minge mei bygelyks dong. Dêrtroch komt der folle minder skealike ammoniak frij. Der stikstofferbining sipelet neffens de wittenskippers sa net de boaiem yn en de ammoniak bliuwt net yn de atmosfear hingjen, om letter wer del te kommen. As de stof yn ’e natuer delslacht, taast dy it bioferskaat oan.

Foar it ûndersyk krigen sechtjin keallen in spesjale potsjestrening: de MooLoo-metoade. Dêrby waard de bisten earst dúdlik makke dat in part fan de stâl as húske ynrjochte wie, troch se te beleanjen mei wat lekkers as se dêr miigden. As se bûten dat part miigden, waarden se mei wetter besproeid. Stadichoan slagge it sa om alve fan de sechtjin kij op in ûndersyksbuorkerij fan it Forschunsinstitut für Nutztierbiologie, yn it noardeasten fan Dútslân, skjin te krijen.

De faasje dêr’t de keallen yn de stúdzje mei skjin waarden – binnen in pear wike en nei sa’n fyftjin treningen – wie gâns flugger as by de trochsneed pjut, sei ûndersiker Lindsey Matthews fan de universiteit fan Auckland op de webside fan it wittenskiplik tydskrift Science. Yn it artikel, dat moandei publisearre waard yn fakbêd Current Biology, skriuwe de ûndersikers op basis fan eardere ûndersiken dat de ammoniakútstjit mei mear as de helte werombrocht wurde kin as tachtich persint fan de miich fan kij opfongen wurdt. It is lykwols noch net dúdlik hoe skjin oft de kij bliuwe as se mei in protte tagelyk nei it húske moatte.

septimber 15, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.