Skea oan gebouwen yn Melbourne troch seldsume ierdskodding

septimber 22, 2021 09:30

Yn de Australyske stêd Melbourne binne gebouwen skansearre troch in ierdskodding mei in krêft fan 6.0.

Foto: morguefile.com

De Australyske geologyske tsjinst Geoscience Australia berjochtet dat de beving op in protte plakken yn it súdeasten fan it lân te fielen wie, fan de stêden Adelaide oant Sydney. It episintrum lei by it plak Mansfield, sa’n 200 kilometer noardeastlik fan Melbourne. De ierdskodding barde op tsien kilometer djipte.

Premier Morrison sei yn de Feriene Steaten, dêr’t er op besite is, dat er noch gjin berjochten oer slachtoffers hat. En ek dat ierdskoddingen tige seldsum binne yn Australië. Neffens Geoscience Australia binne se yn it easten fan Australië net wenstich, mei’t it relatyf fier fan breklinen op de Yndo-Australyske plaat ôf leit. De ierdbeving fan hjoed wie swierder as dy yn 1989 by de stêd Newcastle. Dêr foelen trettjin deaden by.

septimber 22, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.