Simone Djurrema: Lânskipsblommen en -bisten

septimber 4, 2021 11:06

Kollum

Wylst de Feriene Steaten yn Afganistan foar miljoenen oan wapens en in list mei minsken dy’t harren holpen hawwe efterlitte, plôkje wy prommen en meitsje wy lekkere prommejam. Wylst se yn Israel ûntdutsen hawwe dat foaral faksinearre minsken de deltafariant fan det SARS krije, meitsje wy prommeranja. Wylst in ferkrêfter (en net allinnich dat) € 84.000 oan fergoeding fan de Sweedse regearing kriget, omdat it earme jonkje noch mar sechstjin wie doe’t er al dy misdieden begie, en in slachtoffer mar  € 300,- kriget, plôkje wy kûtsekralen om te drûgjen foar de fitamyntsjes aanst yn ’e winter. Wylst der ynset wurdt op elektrysk sûnder dat der goede ferfangers binne om genôch stroom te leverjen en der neffens my mear nei biobrânstoffen sjoen wurde moat, genietsje wy fan it prachtige waar en geane we nei de iissalon.

Nee, ik bin net blyn foar al it ûnrjocht dat der bart. Ik bin der ek net ûngefoelich foar. Ik doar sels te sizzen dat ik mear wit as de trochsneed minsken, en dan net it ferhaal fan ien kant besjoch, sa’t it meastal presintearre wurdt. Mar yn de kollums skriuw ik it measte oer moai waar en lange dagen. En dy binne der foaral, as je de telefyzje mar net oansette. Of de kompjûter, de tablet of it mobyltsje. Je moatte eins dy hiele rotsoai wat faker útsette. Dan giet it hiel bêst om de kop yn it sân te stekken.

No haw ik de kompjûter wol oan, om de kollum te skriuwen. Op haren en snaren, want skoanmem is der en wy wolle fansels wol wat aardige dingen mei har dwaan. Dat is tige slagge, foaral troch it prachtige waar! Mar no sille we it oer de lânskipsblommen hawwe.

Fanâlds is Sweden opdield yn fiifentweintich ûnderdielen, in soarte fan provinsjes. Op it stuit hawwe dy oare grinzen. Ik begryp der neat mear fan, want de iene kear wurdt der oer Dalsland praat, de oare kear oer Västra Götalands Län, en dan hearre we ynienen by Älvsborg. Mar fanâlds hjit it gebiet dêr’t wy wenje Dalsland.

Noardlik fan ús leit it by Hollanners sa populêre Värmland. Dêr wenje hiele koloanjes Nederlanners, en mear nei it easten leit bygelyks Småland ek noch, der’t it lân fan Pippie leit. Al dy lânskippen, sa’t se ek wol neamd wurde, hawwe harren eigen blom en in bist. Småland hat linnea of it Linnaeusklokje en de otter, Värmland hat de skogsstjärna of sânstjer en de wolf. Wy yn Dalsland hawwe in ferjit-my-netsje en de raven. It blomke is my tige nei it sin, mar de raven? Nee, ik kin net echt sizze dat ik altyd al in raven as symboal hawwe wollen hie. Wy hawwe se yn de bosk efter ús hân en se hawwe mar in raar lûd, hear!

Ja, in seehûntsje is my folle leaver, mar dat kin fansels net, wy sitte net oan ’e kust fan de see, mar oan de kust fan it Vänern. Fan it strân ôf sjocht it der wol út as in see, mar ik tink net dat we hjir seehûntsjes oantreffe sille. In wolf fyn ik ek wol stoer, mar dy binne hjir offisjeel net safolle. In swan dan, dy hawwe we hjir wol, en kraanfûgels ek. Mar sa wurket it net, wy sitte spitigernôch oan de raven fêst.

Der binne ek parten fan Sweden dy’t der wat blommen oangiet bekaaid ôfkommen binne. Blekinge mei de iik en Medelpad mei de spjir. Gotland hat de klimop, prachtige beammen en in prachtige plant foar yn ’e tún, mar as symboal foar in regio is in blomke dochs folle moaier!

Nei lang sykjen kaam ik derefter dat dêr eins neat oer skreaun is yn in oare taal as it Sweedsk. In bytsje ûnnoazel, tinkt my, want it is hiel aardich foar toeristen en minsken dy’t op in oare manier yn Sweden ynteresearre binne. It iennige dat ik jimme oer de bisten oanriede kin is de Sweedske Wikipedy, mar wol mei plaatsjes, dan hawwe jimme der dochs wat oan. https://sv.wikipedia.org/wiki/Landskapsdjur.

De blommen wiene noch dreger! Neat yn oare talen en neat mei plaatsjes, behalve dan plaatsjes fan posters, dy’t te keap binne, mar soks liket my net geskikt om yn dizze kollum te dielen. Dat doe’t ik ferline wike as begeliedster mei de bline frou nei in loppis (omrinsaak) wie hapte ik fuort ta doe’t ik in taffelkleedsje seach mei allegear blommen derop. Ik tocht: dêr kin ik moai foto’s fan meitsje. Ik haw der fierstente folle foar betelle, mar foarút, it is foar myn leave lêzers, no?

It kleedsje. Foto SD

Mar it wie samar net klear! It kleedsje, hielendal yn myn smaak (nét dus, ik fyn it âldwivich), wie sá kreas strutsen, mar wêrom yn ’e leave frede strike se der dan tearen yn! Je wolle dochs net in kleedsje op ’e tafel hawwe mei tearen deryn, al binne se noch sa moai en skerp. Dat it strykizer moast derby. Dat is al in wûnder op himsels. Ik sjoch ús mem al laitsjen as se dit lêst. Doe’t ús bern lyts wiene en ús mem oan it striken wie, fregen se har wat dat frjemde ding wie. De earme skatten hiene noch nea in strykplanke of in strykizer sjoen! Ik kin skoan strike, mar ik doch it hast nea.

Nei in skoftke driftich striken seach ik it al, de blommespuit moast der ek noch by. Boppedat kaam der in hearlik aroma fan âldeklonje of sa omheech. Wat sei ik ek alwer oer âldwivich? En ik ûntduts dat it blykber mei stisel strutsen wie. It waard der net strakker op doe’t ik it wiet makke hie. Stisel haw ik net, dat it kleedsje is no net sa kreas wurden, ek net neidat ik der tiden op om strutsen haw. De foto’s binne ek net sa moai beljochte, en it wie noch in hiel geknip en geplak op ’e kompjûter, mar it stiet derop!!! No kinne jimme in spultsje dwaan, sjen oft jimme de blommen weromkenne en laitsje om de frjemde nammen dy’t derby steane.

En ferjit dan net alle bloed, swit en triennen dy’t ik foar jimme, myn trouwe lêzers, oer hân haw!

Landskapsblommer. Foto SD

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
septimber 4, 2021 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.