Sikke Neurich: Unrêst

septimber 11, 2021 07:00

Kollum

Boarne: Unsplash

Ik haw besocht om rêstich te bliuwen, om myn oanstoarmjende weagen fan agresje op te heinen mei in swymke begryp, mar it slagge my net. In Ingelske eks-militêr is deryn slagge om hûndertfyftich hûnen en katten út de troch Talibanstriders besette Afgaanske haadstêd Kabul te smokkeljen en om se feilich yn in fleanmasine it lân út te krijen. En dan ek noch de kwalifikaasje ‘held’ opspjelde te krijen. No freegje ik jo…, kin it wurd ‘held’ noch mear besmodzge en devaluearre wurde as yn dit ferbân? En de tweintich meiwurkers fan syn asyl en harren besibben, koene dy net mear in plakje yn de fleanmasine krije?

Mar…, al ûnder it trochtinken fan dizze tekst waard myn swymke begryp grutter. Hy hat yn elts gefal de hannen út ’e mouwen stutsen. Dat ûntbrekt der by ús meastal oan. Ja, op in feilige ôfstân kroadenfol kommentaar leverje en de noeden en eangsten fan de achterbliuwers, of sa’t jo wolle yn ’e steek litten stumpers, op it konto fan God of Biden skowe. Wurdt it trouwens net ris tiid om de koers fan de ûnbidich grutte oseaanstomer fan it rike Westen ris yngripend te ferlizzen? En dan de grouwélich grutte foarrieden koroanafaksins better oer de wrâld te ferdielen? De groeipersintaazjes fan de ekonomy net mear ús habbich libben behearskje te litten, mar fan de stigende sûnenssifers de hiele wrâld op te fleurjen?

Ja, dan sille we de mânske fleanmasinen, dy’t ús witwêrsanne hinne tôgje, ek oan ’e kant dwaan moatte. Dan moatte de happy few en grutkapitalisten har de lúkse boartersdingen út de ynklauwerige hannen falle litte. Gjin fuotbaljen yn Quatar, gjin Formule 1 yn ’e kwetsbere natuer oan ’e kust fan ús lân. Dan moatte we net allinne harren, mar ek ússels op it materiële harspit lizze. En moarn begjinne.

Set iepen dy doarren foar de hals oer de kop flechte Afganen, de roppige stakkers út Somalië en al dy oaren dy’t, wat in earlike ferdieling fan de libbensskatten fan ús skepping oanbelanget, yn de ferkearde hoeken fan planeet Ierde telâne kommen binne.

It past my net om dy militêr yn Afganistan te feroardieljen, wis en wrachtich net, mar it hat my de eagen én it hert wiid iepen skuord. Kinne jimme my folgje?

septimber 11, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.