Sigrid Kaag nimt dien as ministerske fan útlânske saken

septimber 16, 2021 19:55

Minister Sigrid Kaag (foto: Wikipedia/BZ Aad Meijer – lisinsje CC BY.SA 2.0)

)

Sigrid Kaag sil har ûntslach oanbiede oan de kening. Hja hâldt op as ministerske fan útlânske saken yn it Nederlânske regear. De reden is dat de Twadde Keamer yn mearderheid in moasje oannommen hat dêr’t it belied fan it Ryksregear oangeande Afganistan yn ôfkard wurdt. De ministerske die te witten dat it har yn opfetting fan it ministerskip der net op troch kin as in ferantwurdlik minister nei sa’n moasje sitten bliuwt.

De Keamer nimt it it regear kwea ôf dat dat net earder begûn is mei it weromheljen fan minsken doe’t dúdlik waard dat de Taliban baas wurde soe yn it lân. In protte minsken dy’t mei de Nederlânske militêren yn it lân gearwurke hawwe op it opbouwen fan it lân koene dêrtroch net fuortkomme.

De Keamer naam wol in moasje oan om it regearingsbelied ôf te karren, mar net in moasje om it hanneljen fan frou Kaag sels te feroardieljen. Hja is op it stuit sels nammers ek noch Keamerlid foar D66.

septimber 16, 2021 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.