Rûnlieding troch de dûbeld-eksposysje ‘Jan Loman │Grinskrusend’ yn Tresoar

septimber 12, 2021 08:51 Fernijd

​Op 15, 22, en 29 septimber jout Bert Looper in fergeze rûnlieding troch de dûbeld-eksposysje Jan Loman Grinskrusend yn Tresoar. De rûnlieding begjint om 14.00 oere.

Boarne: Tresoar

De útstalling yn Tresoar lit fraaie haikûbondels sjen op in ferskaat oan materiaal, yn gearhing mei syn libbensferhaal en mei tekstuele, abstrakte en lânskiplike fliselinen, grafyk, skilderkeunst en assemblaazjes.

Yn Galery Bloemrijk Vertrouwen (Aldtsjerk) is ek in útstalling te sjen. Galery Bloemrijk Vertrouwen bringt orizjinele foto’s út de Loman kolleksje fan Tresoar en beljochtet de perioade yn Ynje, foarmjouwing, tekstyl en wurkwize fan Loman. Gerhild van Rooij (Galery Bloemrijk Vertrouwen) is gastkurator fan de dûbeld-eksposysje.

Lês hjir mear ynformaasje oer beide útstallingen. Oanmelde foar de rûnlieding kin fia dizze link.

septimber 12, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.