Rottekrûddjoere Sintrale As blykt fergiftich foar planten en bisten

septimber 29, 2021 11:07
De Sintrale As (felgrien)

De Sintrale As lekt fergif. De dyk is tusken 2007 en 2016 oanlein tusken de Wâldwei en Dokkum en hjit ek wol fan N356. Yn de ûnderlaach ûnder de dyk sitte fergiftige swiere metalen, dy’t troch it reinwetter yn de grûn komme. Dy binne fergiftich foar planten en bisten. De oanlis fan de tige omstriden dyk troch it lânskip koste twahûndert miljoen euro, wylst der 184 miljoen foar begrutte wie.

Neffens Omrop Fryslân wist de provinsje al in pear jier fan it fergifprobleem en is der noch gjin oplossing betocht. Ynearsten wurdt reinwetter dat ta de dyk út komt opheind en mei frachtweinen ôffierd. It komt lykwols ek yn ‘e sleatten. Dêr wurdt it ek út helle. De provinsje wol sjen oft der in wettertichte laach op it dyksflak oanbrocht wurde kin.

De dyk hat mear problemen as dat er fergif it miljeu yn jaget: der komme skuorren yn. Mooglik hat de Lauwersseewei (N361) tusken Aldtsjerk en Dokkum deselde problemen.

septimber 29, 2021 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.