Roel Oostra, dy sil ik net ferjitte

septimber 9, 2021 12:00

Programmaboekje 1972-’73, tolvenhealjier Lawei

Foar my en foar in soad fan myn generaasje wie De Lawei mei Roel Oostra fan grutte wearde. Dat betocht ik doe’t ik saterdei 28 augustus ‘Een eeuw Roel Oostra’ lies.

Pier Bergsma

Ik wist net dat er noch libbe, Oostra, mar op saterdei 28 augustus lies ik fan Asing Walthaus yn de LC dat alderaardichste artikel. Oostra waard berne yn 1921 en wie fan 1962 oant en mei 1988 direkteur fan De Lawei yn Drachten.

Yn septimber 1960 begûn ik op de kristlike Juliana Kweekschool yn Drachten, in fiifjierrige oplieding ta ûnderwizer. Dy oplieding fan doe is net te ferlykjen mei de pabo fan no. Wy krigen de earste twa jier alle fakken fan de middelbere skoalle. Dat betsjutte neist Nederlânsk en trije frjemde talen ek it Frysk. Dat fak waard jûn troch Lipkje Post- Beuckens, de skriuwster Ypk fan der Fear. Wy waarden oplaat foar it Fryslân-diploma A en B. Nei dy twa jier begûn de beropsoplieding fan trije jier mei in soad teoretyske kennis en earst ien dei op in legere skoalle en letter, foar de ‘hoofdakte’, trije dagen yn de praktyk op in skoalle. Wy giene nei ‘De Kweek” fan moandeis healwei njoggenen oant en mei saterdeis healwei ienen. Wy learden in soad yn dy fiif jier.

De measte learlingen – studinten, seit men no – wiene Frysktalich en kamen út de wide omkriten fan Hoarnstersweach oant en mei Noardburgum. Op ‘e fyts. Foar my betsjutte it alle dagen 17 kilometer hinne en werom fan Jobbegea nei Drachten. It wie in geweldige tiid, dêr’t ik noch altyd mei de measte foldwaning op werom sjoch.

De nije skouboarch De Lawei stie der krekt en wy giene dêr as kweekskoallelearlingen hinne foar de ‘Schoolconcerten’. Fan 1962 ôf koene we der terjochte foan de jierlikse ‘Grote Avond’. Der waard elk jier in toanielstik opfierd ûnder lieding fan frou Post. Ik haw trije kear meidien. Yn de fiifde klasse hiene we in lyts kabaretgroepke en dat krige ek plak op sa’n jûn.

Kontakt mei de grutte wrâld

Sa kaam ik fan Jobbegea, dêr’t net in soad te belibjen wie, yn kontakt mei de teaterwrâld. Wy krigen yn De Lawei alle romte om te oefenjen foar ús toaniel en Roel Oostra hat ús yn 1965 holpen by ús kabaret. Dy Lawei mei Oostra as direkteur sil ik dêrom nea ferjitte. Tusken 1960 en 1976 kamen wy geregeld yn De Lawei, benammen by kabaret foarstellingen: Lurelei, Wim Sonneveld, Sito Hoving, Henk Elsink, Wim Kan, Fons Jansen, Don Quishocking, Jasperina de Jong, Neerlands Hoop mei Bram en Freek en alle programma’s fan Rients Gratema, dy lêste hast altyd Nederlânsktalich. Nei 1976, doe’t ús earste bern berne waard, wie it net sa maklik mear en gean der jûns op út.

Der komt my noch wat aardichs yn it sin. It sil yn 1965 of 1966 west wêze. Der wie in grutte feestjûn yn De Lawei yn ferbân mei ien of oar Drachtster (?) jubileum. Ik kaam mei Hinke – wy binne noch altyd byinoar – lykas altyd op ‘e brommer, mar fierstente let en dus by de haadyngong foar de tichte doar. In grut part fan it programma wie ôfrûn. Ik sei: “Ik sil ris oan de oare kant sjen, oft dêr in doar los is.” Oan de efterkant kaam op dat stuit oan in takel it grutte plankier nei ûnderen foar toanielspullen en dekors. Boppe stie Willeke Alberti, dy’t dêr optreden hie. “Wil je naar boven?” En sa kaam ik oan de efterkant dochs yn it gebou, dat ik troch ús toanieloptredens goed koe. Ik rûn binnentroch nei de foardoar en sei tsjin de man by de doar: ”Myn faam stiet hjir foar de doar, lit har der as jo wolle efkes yn.” Dat slagge..

Wy hawwe út dy Laweiperioade alle programma’s bewarre. Sa fûn ik yn ien fan de doazen in lyts boekje mei De Lawei-Theater-Serie 72/73. De Lawei hie elk jier de Krite Lawei Rige mei Frysktaligeprogramma’s. Sjoch de foto fan side 31 fan it boekje.

It oanbod is net te ferlykjen mei no. Der steane 47 foarstellingen yn tusken saterdei 2 septimber (‘De regenmaker’ fan de Noorder Compagnie, dêr’t Rutger Hauer noch in skoft oan ferbûn wie) en moandei 30 april mei toaniel fan toanielgroep Sintrum. Rients Gratama wie der trije kear, fan tongersdei 1 oant en mei saterdei 3 maart. Ik tink mei ‘Groeten uit Pingjum’. Der hawwe wy it programma noch fan, mar der stiet gjin datum by.

 

 

 

septimber 9, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.