Relatyf net folle baankânsen foar starters yn Fryslân
Resint ferskynd
Fryslân hat relatyf net folle baankânsen foar starters. Fan alle Nederlânske ôfstudearren komt 4% út Fryslân, wylst in lytser part fan alle Nederlânske fakatueren binnen de Fryske provinsjegrinzen te finen is (2,3%). Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan CVster.nl nei startersfakatueren, dêr’t 7.812 fakatuereteksten foar analysearre waarden.
Underfining frege fan starters op arbeidsmerk
By hast in fearn fan alle Nederlânske startersfakatueren wurdt om mear as trije jier wurkûnderfining frege. Yn goed ien op de trije startersfakatueren is gjin oant net folle wurkûnderfining nedich, bygelyks inkeld in relevante staazje.
Measte startersfakatueren yn de soarch
Foar starters binne benammen yn de soarch in protte fakatueren beskikber. Dêrnei kinne de measte starters oan ’e slach yn de saaklike en finansjele sektor. Yn de IT binne der ek in protte kânsen foar begjinners op ’e arbeidsmerk.
Gearwurkje meast frege feardichheid starters
Om in gaadlike kandidaat foar in funksje te finen, wurde yn fakatuereteksten feardichheden neamd dy’t winske wurde. De wichtichste feardichheid dêr’t in starter neffens fakatuereteksten oer beskikke moat, is gearwurkje kinne. De top 5 fan feardichheden sjocht der sa út:
- Gearwurkje
- Op ’e klant rjochte
- Ferantwurdlik
- Graach leare wolle
- Taalfeardich
Undersyksopset
Foar it ûndersyk is de ynhâld fan 7.812 fakatueren foar starters analysearre. Dy fakatueren binne ôfkomstich fan fjouwer ûnderskate fakatuerebanken. Dêrby is yn de fakatuereteksten sjoen nei de meast foarkommende termen en ynhâldlike aspekten fan de fakatuere, lykas de frege feardichheden en opliedingen. Om in ferliking te meitsjen mei it tal ôfstudearren op de nivo’s mbû, hbû en wû-master, binne data fan it CBS yn it ûndersyk meinommen.
Konklúzjes oer de salarissen, frege ûnderfining en provinsjale ferlikingen binne basearre op alle fakatueren dêr’t lokaasje, ûnderfining en salaris eksplisyt yn fermeld stean. De top 10-sektoaren en de top 10-feardichheden binne fêststeld mei help fan in analyze fan de meast foarkommende wurden yn alle fakatuereteksten.
Sjoch foar mear ynformaasje oer it ûndersyk op: cvster.nl/blog/onderzoek-startersvacatures.
Oer CVster.nl
CVster helpt minsken yn harren syktocht nei wurk en it sollisitaasjeproses. Dat docht it bedriuw mei help fan foarbyld-cv’s, ferskate tips en ûndersiken op it mêd fan sollisitearjen en de arbeidsmerk yn it algemien. Om it skriuwen fan in cv fluch en maklik te meitsjen foar elkenien, biedt CVster.nl praktysk ark oan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje