Reidwâl by Fiskmigraasjerivier bewiist syn nut

septimber 11, 2021 09:35

Foto © It Fryske Gea

Fan It Fryske Gea

Fan ’e maitiid binne reidblokken út de Makkumerwaard wei mei in skip nei de takomstige fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk oerbrocht. Dêr is in 400 meter lange reidstripe oanlein. Dy sil foar de fisken in natuerlike oergong fan de Iselmar nei de fiskmigraasjerivier foarmje.

Yn dy reidstripe kinne de fisken pearje. Fûgels profitearje der ek fan. Dy kinne dêr feilich briede. Neffens Germ van der Burg, distriktshaad fan It Fryske Gea, hawwe dêr dit jier al mear as hûndert pear wytstirnsen (fiskdieven) mei sukses harren aaien útbret.

Foto © It Fryske Gea

It inisjatyf foar de fiskmigraasjerivier is nommen troch It Fryske Gea, de Waadferiening, de Coalitie Blauwe Hart Natuurlijk, netVISwerk en Sportfiskerij Nederlân. De realisaasje wurdt mei mooglik makke troch de Nasjonale Postkoade Lotterij.

As de rivier der ienkear is kinne miljoenen trekfisken de troch de Ofslútdyk hinne. Mei de tiid ferbetteret de ûnderwetternatuer fan de Iselmar en it Waad.

It Fryske Gea wurket ûnderwilens as natuerbehearder oan it ferbetterjen fan it ûnderwetterlânskip foar de fisken yn de Iselmar, om en by de Fryske Iselmarkust en yn de Fryske marren, fearten en sleatten.

 

septimber 11, 2021 09:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - septimber 12, 22:36

    Fisken ridzje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.