Raket SpaceX mei allinnich toeristen oan board suksesfol lansearre

septimber 16, 2021 09:02

Foar it earst yn de skiednis is in romtereau mei allinnich ‘amateurastronauten’ oan board yn in baan om de ierde brocht. It romteskip fan SpaceX waard ôfrûne nacht om 02.02 oere Nederlânske tiid lansearre fan it Kennedy Space Center yn Floarida.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

Oan board fan de Inspiration4 binne de 38-jierrige ynternetmiljardêr Jared Isaacman, dy’t de flecht betellet en as gesachfierder optreedt. Hy nimt trije passazjiers mei: ien dy’t as bern kanker oerlibbe hat en twa winners fan troch him útskreaune kompetysjes. De fjouwer romtetoeristen komme ta op syn heecht 540 kilometer fan de ierde. Nei in ferbliuw fan likernôch trije dagen yn ’e romte, giet de raket nei de ierde werom. It reau komt mei in parasjute yn de Atlantyske Oseaan del.

De fjouwer ‘amateurastronauten’ binne lykwols net de aldearste romtetoeristen. Wol is dit de earste langduorjende missy dy’t folslein yn it teken fan romtetoerisme stiet. Der stean mear fan sokke reizen pland. Kommersjeel romtefeartbedriuw Axiom wol begjin takom jier fjouwer toeristen nei it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) bringe. Earder dit jier makken de miljardêrs Jeff Bezos (Blue Origin) en Richard Branson (Virgin Galactic) in romtesprong. Mei de mylpeal fan hjoed is miljardêr Elon Musk de earste dy’t in folsleine boargerploech de romte yn kriget.

Besjoch de film fan de lansearring fan SpaceX op YouTube.

septimber 16, 2021 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.