Provinsje stipet rjochtssaak tsjin EU om taalbelied

septimber 28, 2021 12:14

Deputearre Steaten fan Fryslân skriuwe dat se in rjochtssaak tsjin de Europeeske Kommisje “aktyf stypje sille”. De rjochtssaak wurdt oanspand troch de Dútske organisaasje foar minderheden FUEN (dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging by oansletten is) dy’t fan betinken is dat de Kommisje in oprop fan it Europeesk Parlemint om mear foar lytse talen te dwaan sûnder rjocht en reden skouderet.

FUEN is de organisator fan in petysje mei in oprop oan de Europeeske Uny om mear foar lytse talen te dwaan. De maatregels dy’t útsteld binne, binne bekend wurden ûnder de namme Minority Safepack (rêdingspakket foar lytse talen). Mear as in miljoen minsken hawwe dy ûnderskreaun. De petysje is behannele yn it Europeesk Parlemint, dat op basis dêrfan de oprop die oan de Europeeske Kommisje – it “regear” fan de Europeeske Uny – om maatregels te nimmen foar it stypjen fan lytse talen. De Kommisje die lykwols yn jannewaris fan dit jier te witten dat er dat net fan doel is. Europa soe neffens de Kommisje al genôch foar de minderheidstalen dwaan.

De provinsje Fryslân sil yn gearspraak mei de abbekaat fan FUEN, Thomas Hieber, in brief opstelle om offisjeel ôfkarring fan it stânpunt fan de Europeeske Kommisje út te drukken. Dat brief sil yn de rjochtssaak ek behannele wurde. Fieder sil de provinsje de oerheden fan oare Europeeske regio’s oanfiterje om in ferlykber brief te ferstjoeren.

septimber 28, 2021 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.