Presidint Biden ropt op ta nasjonale ienheid

septimber 12, 2021 08:47 Fernijd

It Wite Hûs hat in fideoboadskip fan presidint Biden publisearre ta gelegenheid fan de betinking fan de oanslaggen fan 11 septimber 2001. Dêryn ropt er ta nasjonale ienheid op.

Joe Biden (foto: Wikipedia/David Lienemann – pubyk domein)

“Ienheid makket wa’t wy binne: Amearika op syn bêst”, seit Biden. Wol brocht er in nuânse oan: “Ienheid betsjut net dat wy itselde leauwe moatte. Wy moatte in fûneminteel respekt foar en betrouwen yninoar en yn ús naasje hawwe. Juster wie it presys tweintich jier lyn dat der oanslaggen mei kaapte fleantugen útfierd waarden. De presidint stie stil by de 2977 minsken dy’t dêrby omkamen. “Amearika betinkt jim en jim dierberen.”

Hy seit dat de oanslaggen ek it bêste út de Amerikanen helle hawwe. “Yn de dagen dy’t op 11 septimber 2001 folgen, seagen we oeral heldemoed. Op ferwachte en ûnferwachte plakken”, seit Biden yn syn boadskip. “Wy seagen ek eat dat mar al te seldsum is: in echt gefoel fan nasjonale ienheid.”

Besjoch it fideoboadskip fan Biden.

Juster besite Biden it plak dêr’t de WTC-tuorren yn New York ynstoarten. Dêrnei gie er nei Shanksville yn Pennsylvania dêr’t United Airlines-flecht 93 yn in iepen fjild delstoarte nei’t de passazjiers harren tsjin de kapers ferset hiene. Hy einiget syn dei by it Pentagon dêr’t op 11 septimber 2001 ek in fleantúch him yn it gebou boarre.

septimber 12, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.