Perseverance slacht earste buiske mei Marsgrús op

septimber 9, 2021 08:51

Marsrover Perseverance hat foar it earst in meunster stiengrús sammele en dat op de planeet opslein. Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei befêstige de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA de opslach fan it boaiemmeunster.

Foto: NASA/JPL-Caltech

De operaasje, dêr’t in stikje út in stien by útboarre wurdt, ferrûn net sûnder tûkelteammen. Ferline moanne mislearre it earste besykjen om it marsgrús te sammeljen. Ferline wike waard dúdlik dat in nij besykjen wol slagge wie. Perseverance stjoerde in foto nei de ierde. Dêr wie op te sjen dat der grús yn it opslachbuiske siet. Dêrnei joegen NASA-ûndersikers it kommando oan Perseverance om it buiske mei searjenûmer 266 ôf te sluten en yn ’e rover op te slaan. Letter wurdt it buiske op in strategysk plak op Mars efterlitten.

NASA-direkteur Bill Nelson hat it yn in parseberjocht oer in “monumintale prestaasje”. Neffens Thomas Zurbuchen, wittenskiplik lieder by de organisaasje, hawwe de Apollo-misjes nei de moanne it belang fan it analysearjen fan bûtenierdske boaiemmeunsters bewiisd. It grús moat ûnder mear ynsjoch jaan yn de skiednis fan Mars en oft der ea libben op ’e planeet west hat.

Perseverance hat mear as fjirtich buiskes oan board om boaiemmeunsters mei te sammeljen. De bedoeling is dat der yn elts gefal tweintich fan folle wurde en op ferskate plakken op de planeet efterlitten wurde, om oer in jiermannich ophelle te wurden troch in oare rover dy’t troch de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA boud wurdt. Uteinlik moat in Europeeske sonde de meunsters nei de ierde bringe.

septimber 9, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.