Op it nulpunt begjinne
Resint ferskynd

Eardere grifformearde tsjerke Holwert. Foto: J.P. de Koning. Boarne: Wikimedia Commons © CC BY-SA 4.0
Nei oanlieding fan it kranteberjocht fan hjoed dat der yn Holwert in tsjerke te keap stiet, wiis ik op de oertinking foar hjoed, 30 septimber, yn it bibelsk deiboek Wekker bliuwe (side 331).
As elkenien ropt dat de tsjerke op in bytsje nei dea is, as elkenien klaget dat der allinne mar minne en strieminne dûmnys binne, wês dan op jim iepenst. Kostlik binne de ferhalen yn ’e Bibel, om’t God hieltyd wer op it nulpunt begjint. Dat docht bliken út de lêste sin fan it boek Rjochters: “In elk die mar sa’t it him goedtocht.”
De nammen yn it Samuël-ferhaal tsjûgje fan in God dy’t op it nulpunt wer opnij begjint. De heit hjit Elkana = ‘God hat skepen’, de mem is Hanna = ‘begenedige’ en harren soan kriget de namme Samuël = ‘God hat antwurde’.
Hanna hat it bern fan God ôfbidden (1:19) en wol him oan de Heare jaan (1:11). Al jong bringt se him nei de timpel. Hoe doarst se it oan en bring him by de prysters dy’t net doge? Hanna hie blykber itselde fertrouwen as Monica, de mem fan tsjerkfaar Augustinus, dy’t it harsels hieltyd wer foarhâlde: “In bern dêr’t sa foar bidden is, kin net ferlern gean.”
As minsken ôfskie namen fan it ‘ynstitút’ tsjerke, dan koe ik dêr noait yn meigean, al begriep ik it soms wol. Dat kaam mei troch it ferhaal fan Samuël. Hanna bringt har bern nei de timpel. It is dêr in soadsje, mar dochs: “It jongfeintsje Samuël waard grut by de Heare” (2:21).
Yn in tiid dat iepenbiering en fisjoenen seldsum binne, hat Samuël in antenne foar God. Samar ynienen is it “Samuël, Samuël.” En de âlde Eli kin him noch krekt bybringe dat er sizze moat: “Sprek, Heare, want jo tsjinstfeint harket.” As wy tinke dat it dien is mei tsjerke en leauwe, dan is der altyd wer ien dy’t dy wurden op ’e lippen nimt.
Lêze: 1 Samuël 3:1-10
Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje