Oarloch en boogiewoogie
Resint ferskynd
Beppe Xenia en De Raven
De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde yn oktober fjouwer kear in koarte lêzing oer harren wurk. Se lêze ek foar en se sille mei-oar en mei it publyk yn petear:
• 2 oktober Lewinski, Snits, 15.00 oere
• 6 oktober Café De Bak, Ljouwert, 19.30 oere
• 14 oktober De Bogt fen Gunée, Frjentsjer, 19.30 oere
• 31 oktober Kultureel Sintrum De Groate Kerk, Sint-Jabik, 15.00 oere
De lêzings wurde ôfwiksele mei boogiewoogie troch Hein Jaap Hilarides.
Elske Schotanus publisearre ferline jier de earste Fryske Facebookroman De Raven. Yn 2021 ferskynde Efter it tried, häftling nû 10039 – Kampsketsen út Amersfoort, in oangripend, ticht op ’e hûd fan de tiid skreaun dokumint.
Hein Jaap Hilarides fertelt oer syn nijste boek Beppe Xenia. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia, mar ek fan Freek, bot yn ûnstjoer bringe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje