Oardelmeterregel ferdwynt, mûlkapkes bliuwe

septimber 12, 2021 19:17

Oer fjirtjin dagen wol it Nederlânske regear de ferplichting ôfskaffe om oardel meter ôfstân ta jins evenminske te hâlden. Dy moast besmetting mei it koroanafirus safolle mooglik beheine. No’t sawat trije op ‘e fjouwer minsken yn Nederlân tsjin it firus yninte binne, is soks net langer nedich.

Al moat men tenei bewize kinne dat men gjin koroana hat, bygelyks mei in ynintersbriefke. Yn restaurants, bioskopen en teaters wurdt it neffens berjochten fan de NOS ferplichte om soks by jin te hawwen.

De mûlkapkes binne noch net fuort: yn bussen en treinen moatte dy foarbûn bliuwe. Hoelang oft dat noch duorret, is net bekend. It is ek net bekend oft festivals al wer tastien wurde. Wol dúdlik is dat restaurants, kroegen en disko’s noch hieltyd allegear om midnacht ticht moatte.

septimber 12, 2021 19:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A. Kramer septimber 16, 13:29

    It ynintersbriefke dat je meikrije nei de prip (Registratiekaart coronavaccinatie) skynt net jildich te wêze as je in kroech (of wat oars) yn wolle, Nedich skynt de Q.R.-koade te wêze. Dizze komt op de smartphone, mar dy’t dat net hawwe kinne dat ek printe op papier krije.
    It is foar wa’t gjin smartphone had dochs noch in poepetoer om oan dat te komme. Je hawwe DigiD nedich om op de side van it R.I.V.M. te komme, mar der is ek S.M.S.kontrole by en dêr hawwe je ek in smartphone foar nedich.(Itselde sil jilde foar it bewiis dat je nei in test of nei koroana meikrije, dit sil oan ‘e doar ek net genoch wêze)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.