Nota Greidefûgels foar nij fûgelbelied
Resint ferskynd

Foto Prov. Fryslân
It provinsjebestjoer fan Fryslân hat juster de nota Greidefûgels 2021-2030 oer nij fûgelbelied nei de Steaten stjoerd. Yn 2030 moatte der yn Fryslân 10.000 skriezepearkes wêze. Deputearre Douwe Hoogland: “De need is heech en wy moatte der allegear mei-inoar ôfgryslik hurd oan lûke.” Hy hat der fertrouwen yn dat mei de nije oanpak de delgeande line in opgeande line wurdt. Greidefûgels binne in kearnûnderdiel fan it Fryske lânskip en moatte dat bliuwe. Dêr wol de Provinsje wat oan dwaan.
It nije belied bestiet út trije, inoar opfolgjende fazen. It begjint mei de provinsjebrede basissoarch foar greidefûgels yn it lanlik gebiet. It giet om maatregels lykas de ynset en ûntwikkeling fan technyske helpmiddels lykas drones om nêsten en pykjes te beskermjen, en it trochgean fan de frijwillige fûgelbeskerming en monitoaring yn it lanlik gebiet, dus ek bûten greidefûgelkearngebieten.
Dêrnei komt it (agrarysk) natuerbehear yn de greidefûgelkearngebieten. Neist de basissoarch hearre dêr ek útfieringsmaatregels by. Bygelyks it ferheegjen fan wetterpeilen, de ûntwikkeling fan krûderyk gerslân en de útfiering fan greidefûgeldoelen yn it ramt fan it Natuurnetwerk Nederland.
De tredde stap is dat de hjoeddeistige greidefûgelkearngebieten oaninoar keppele wurde en stribbe wurdt nei hegere wetterpeilen, krûderyk gerslân, beweidzjen, sompen, iepenheid en rêst.
Bûten dy trije fazen om giet de ynset op ûnder mear it behear fan rôfdieren dy’t nêsten, pykjes en folwoeksen fûgels opfrette, foarljochting en edukaasje, en op monitoaring en ûndersyk folop troch.
Op 21 novimber moatte de Steaten beslute oft de nota fêststeld wurde kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje