Nije roman fan Rients Aise Faber: ‘In ûngrypber bestean’

septimber 4, 2021 08:25

Boarne: Rients Aise Faber

Yn augustus is in nije roman ferskynd fan Rients Aise Faber (1946): In ûngrypber bestean. Dit boek is nei Helia en har wrâld mei Chopin syn twadde roman. 

Nei de koroana-epidemy reizget Eelke Tolsma as ien fan de earsten wer nei Bali, it eilân dêr’t hy en syn frou Marije eartiids goeie tiden belibbe hawwe. It ferstjerren fan syn frou troch de epidemy hat syn wrâld op ’e kop set.

De reis is foar him in magysk besykjen om dy moaie tiden mei Marije werom te finen. It beteart lykwols allegear hiel oars. Hy fielt him in âld man en hat in bulte prakkesaasjes oer syn eardere wurk by it ûnderwiis. Hy belânet yn ’e rin fan dy reis fan de iene yn de oare frjemde situaasje. Yn dat ûngrypber gehiel besiket er opnij syn draai te finen.

 

septimber 4, 2021 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.