Nije oankeap Museum Belvédère
Resint ferskynd
Museum Belvédère yn Oranjewâld is deryn slagge om it skilderij ‘Exodus – Hongaarske opstân’ fan Ruloff Manuputty út 1956 oan te keapjen. Dêrmei is in grut langstme en in jierrenlang geduld beleanne.
It museum wie al langer op syk nei in represintatyf wurk fan Ruloff Manuputty (1926-2002). Dy makke it skilderij nei oanlieding fan it hurde delslaan fan de Hongaarske folksopstân yn 1956, mei it oantinken oan de barrens yn Yndonezië noch farsk yn it ûnthâld. ‘Exodus – Hongaarske opstân is ien fan de topstikken út it oeuvre fan Manuputty en is no yn Museum Belvédère te sjen.
Klik hjir foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje