Nij swimbad De Kûpe yn Bûtenpost iepene
Resint ferskynd
Moandei 30 augustus giene de doarren fan it nije swimbad yn Bûtenpost iepen. Mei in wedstrydsje oer de stoarmbaan waard sneon 4 septimber it swimbad troch wethâlder Jouke Spoelstra en bern út Bûtenpost offisjeel yn gebrûk nommen.
De Kûpe ferfollet yn de regio al 47 jier in wichtige funksje. In protte generaasjes hawwe dêr swimmen leard. “Iksels ek”, fertelt wethâlder Jouke Spoelstra. “Yn it nije swimbad kriget it lesswimmen in ympuls en stimulearje we breedtesport lykas wetterpolo en wedstriidswimmen. It doelgroepswimmen kinne we sa ek better fasilitearje, sadat elkenien meidwaan en kin en genietsje fan it moaie nije swimbad.”
Enerzjyneutraal en ultramodern swimbad
It 47-jierrich âlde swimbad is ferfongen foar in enerzjyneutraal en ultramodern swimbad. It seisbaans swimbad is mei in beweechbere boaiem en klapwand sa ynrjochte dat ferskate groepen brûkers it bad tagelyk brûke kinne. It gebrûk meitsjen fan de waarmtekeppeling fan it njonkenlizzende bedriuw Enitor Primo giet troch. It dak is foarsjoen fan sinnepanielen en der wurdt gebrûk makke fan in wetterbuffer dêr’t restwaarmte yn opslein wurde kin.
It âlde swimbad is ûnderwilens sloopt en makket plak foar in (multyfunksjoneel) parkearplein. It wurk wurdt kombinearre mei it opnij ynrjochtsjen fan de krusing Kuiperswei/Berhardleane/Hoefslach en oanslutende wurksumheden oan it rioel en de werynrjochting fan De Feart. De krusing wurdt oersichtlik ynrjochte en der komt in losse oerstek foar fytsers. Nei alle gedachten kin yn septimber mei de werynrjochting úteinset wurde. As dat ek dien is, hopet de gemeente in grutter iepeningsfeest organisearje te kinnen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje