Nij-Seelân ferlinget tichtplicht Auckland

septimber 13, 2021 09:39

Foto: pixabay.com

Nij-Seelân ferlinget de strange tichtplicht foar de stêd Auckland mei in wike. Goed 1,7 miljoen ynwenners moatte sûnt 17 augustus thúsbliuwe om de fersprieding fan de deltafariant fan it koroanafirus tsjin te gean.

De sûnensautoriteiten registrearren moandei 33 nije gefallen, allegear yn Auckland. Yn it wykein wiene de sifers leger, mei 23 en 20 nije gefallen. Premier Jacinda Ardern sei op in parsekonferinsje dat it dúdlik is dat de goarre yn Auckland net op grutte skaal oerdroegen wurdt, mar dat der risiko’s binne salang’t der nije gefallen opdûke. Nei 21 septimber wurde de beheiningen wat ferromme, mar kantoaren, skoallen en iepenbiere gelegenheden bliuwe ek dan noch hieltyd ticht.

septimber 13, 2021 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.