Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘Troubadours’

septimber 30, 2021 08:41

It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) set yn syn nije foarstelling Troubadours de Arabyske Ud, de mem fan alle tokkelynstruminten, yn it sintsje.

Dusty Ciggaar (foto: ©Peter Lodder)

Fjouwer jonge Nederlânske tokkeltalinten: ud-spiler Jaber Fayad, klassyk luitspiler David Mackor, flamenkogitarist Jeff Heijne en bluesgitarist Dusty Ciggaar slane de hannen yninoar, útdage en stipe troch it NBE. Mankelike Arabyske meldijen, ferstille lamento’s fan de 17e-iuwske komponist John Dowland, opswypkjende Spaanske ritme’s en rûge blues binne te hearren yn arranzjeminten fan Julian Schneemann. Foarôfgeand oan de foarstelling jout Bart Schneemann, artistyk lieder en hoboïst fan it NBE, in ynlieding oer Troubadours, fergees tagonklik foar it publyk.

Jaber Fayad (foto: ©Peter Lodder)

De toernee set op 7 oktober útein yn Podium Mozaïek yn Amsterdam, docht dêrnei sealen yn Utert, Haarlim, Wageningen, Tilburch, Amsterdam (Meervaart), Arnhim en Helmond oan en einiget op 19 oktober yn Oss.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.nbe.nl.

septimber 30, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.