Nederlân hat noch neat dien mei Europeeske krityk op Frysk taalbelied

septimber 29, 2021 11:27

Al fjirtjin jier lang kriget de Nederlânske oerheid krityk fan de Europeeske Uny op it taalbelied. Der wurdt te min dien oan de emansipaasje fan minsken dy’t in oare taal as Nederlânsk prate. Fan it offisjele belied foar it Frysk, Nedersaksysk en Limburchsk komt net folle op ‘e hispel.

De resintste Europeeske krityk is no in jier âld en hy komt fan in groep ûndersikers dy’t út namme fan de Ried fan Europa ûndersyk dien hawwe nei it Nederlânske taalbelied. Ta gelegenheid fan dy earste jierdei hat de Brusselske sjoernalist Tom Bouwmans ûndersocht wat de Nederlânske oerheid yn dat jier dien hat. It resultaat is drôvich.

“Er is niks veranderd”, sitearret Bouwmans sjoernaliste Maria Del Grosso fan de Ljouwerter Krante. “Den Haag en de provincie Friesland werken niet goed samen.” Itselde boadskip jout Onno Falkena fan Omrop Fryslân.

Hoewol’t it regear neffens minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren wol plannen makke hat foar ferbettering fan it plak fan it Frysk, is dêr oant no ta neat mei dien. “Dat gaat op deze manier nog jaren duren”, seit frou Del Grosso. Falkena seit: “Er is een groot gat tussen wat op papier wordt beweerd en wat we terugzien in de praktijk.”

It stik fan Bouwmans is hjir te lêzen:
https://brusselsenieuwe.nl/hoe-giet-it-in-fryslan/

septimber 29, 2021 11:27
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Fridunanth septimber 30, 10:05

    Provinsje stipet rjochtsaak tsjin staat der Nederlanden om taalbelied!?

  2. Fryslân Fûns oktober 4, 14:01

    It Fryslân Fûns soe wol in rjochtsaak stypje kinne.

    Dan moatte jim wol eefkes wat jaan by har jildswyl-aksje: https://www.geef.nl/nl/actie/nije-tiden-oare-kneppels/donateurs?status=paid

  3. Cor Jousma oktober 9, 12:43

    Prima saak dat Fryslân Fûns!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.