‘Mooglik yn lêste grutte iistiid al minsken yn Noard-Amearika’
Resint ferskynd
Sechtich fuotlêsten fan prehistoaryske minsken binne faaks it bewiis dat minsken folle earder út Azië wie nei Amearika kommen binne as oant no ta oannommen waard.
De spoaren waarden in jiermannich lyn al ûntdutsen yn it White Sands National Park yn de Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Wittenskippers hawwe op ferskate manieren fêststeld hoe âld oft de spoaren binne, ûnder oare troch koalstofdatearring fan plantesied dat yn en tusken fuotlêsten fûn waard, skriuwe se yn it tydskrift Science.
Harren konklúzje is dat der tusken 23.000 en 21.000 jier lyn al minsken yn Nij-Meksiko omrûnen. Dat wie yn de lêste grutte iistiid. Oant no ta waard oannommen dat de earste minsken op it Amerikaanske kontinint pas dêrnei, likernôch 16.000 oant 13.000 jier lyn, fia de drûchfallen Beringstrjitte fan Azië nei Amearika tein binne.
Net alle wittenskippers binne oertsjûge. Antropolooch Loren Davis fan Oregon State University sei tsjin Science News dat er earst bewiis fan oare techniken sjen wol. As oanfoljend bewiis de âlderdom fan de fuotlêsten befêstiget, soe dat neffens him wol sjen litte dat de minske in bjusterbaarlik fermogen hat om ûnder ekstreme omstannichheden te oerlibjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje