Mirjam Engelberts winner wedstriid ‘Smellingerlânske keunstners’

septimber 23, 2021 08:47 Fernijd

De Lawei presintearret fan 18 septimber o/m 9 oktober de eksposysje De kleur fan Smellingerlân. Earder dit jier die de ôfdieling byldzjende keunst fan De Lawei in oprop oan alle byldzend keunstners út Smellingerlân om wurk yn te stjoeren foar de kriich Smellingerlânske keunstners.

Foto: De Lawei

In saakkundige sjuery, besteande út Annemieke Keizer-Sloff (konservator Museum Dr8888), Erik Mol (byldzjend keunstner) en Age Hartsuiker (kurator en galeryhâlder fan Museum Galery Hearrenfean), hie de útdaagjende taak om út mar leafst 81 ynstjoeringen in seleksje te meitsjen fan 25 keunstners dy’t meidwaan mochten oan de wedstriid en de eksposysje.

Moaie ôfspegeling fan keunst út Smellingerlân
De úteinlike seleksje is in moaie ôfspegeling fan keunst yn Smellingerlân. Yn de eksposysje is wurk yn ûnderskate stilen ter sjen fan keunstners dy’t mei ferskate techniken en materialen wurkje. Der hinget wurk fan sawol amateurs as profesjonals. Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier hie de eare om ôfrûne sneon de eksposysje offisjeel te iepenjen. By de iepening is de winner fan de kriich Smellingerlânske keunstners bekendmakke. Fan de trettjin kandidaten dy’t in earfolle fermelding krigen, wie de haadpriiis fan € 750 foar Mirjam Engelberts.

It wurk fan Mirjam Engelberts
De sjuery beskriuwt it wurk fan Mirjam Engelberts as “wurk mei in hiel eigen opfetting oer foarm en kombinaasjes. It wurk daget jin út ta betsjuttingjouwing, prikelet de fantasij en strielt spanning út. Losse eleminten gean in moaie ferdieling mei-inoar oan en dêrtroch boeit it op ferskate lagen troch. It is wurk dêr’t hieltyd nije dingen yn ûntdutsen wurde kinne.”

Besikersynformaasje
Alle wurken fan de ekposysje binne te besjen yn de eksposysjeromte fan De Lawei. Dy is iepen fan tongersdeis o/m sneins fan 14.00 oant 17.00 oere. De eksposysjeromte is ek foarôfgeand, yn it skoft en nei ôfrin fan foarstellingen yn Skouboarch De Lawei te besytsjen. Der is gjin koroanatagongsbewiis nedich om de eksposysje te besjen. In list fan alle eksposanten en mear ynformaasje is te finen op www.lawei.nl/beeldendekunst.

septimber 23, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.