Minister stimt ta: Ferlinging dong útriden foar tal gemeenten yn Fryslân en Grinslân

septimber 2, 2021 08:44

Boeren yn in stikmannich spesifike gebieten yn regio Noard meie fjirtjin dagen nei de tastiene datum fan 1 septimber dong útride. Demisjonêr minister Schouten hat de fersiken fan in tal LTO Noard-ôfdielingen honorearre.

Foto: LTO Noard

Betingsten
De minister jout yn har brief oan de Twadde Keamer oan dat saakkundigen ynskeakele binne om ek út miljeukundich eachpunt wei nei it tastean fan letter útriden fan dong te sjen. De advizen fan de Technyske Kommisje Boaiem binne fertaald yn in oantal betingsten.

It ferlingjen fan dongútriden jildt inkeld foar:
– de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Weststellingwerf, It Hearrenfaen, Dantumadiel, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en Westerkertier;
– Fean- en klaaigrûn;
– Inkeld tinne fraksje (nei dongskieding).

Ynset fan LTO Noard
Yn in brief oan minister Schouten hawwe in stikmannich LTO Noard-ôfdielingen foar útstel pleite, mei’t lokaal fûl reinwetter yn july en augustus de lânwurksumheden folle dreger makke ha. Yn alle gefal om noch optimaal bedongje te kinnen foar it meanen yn septimber en oktober is twa wike langer bedongjen tige wolkom.

Foarsitter ôfdieling Westerkertier Henk Hulshoff: “It is foar in protte leden in oplossing om noch in ynhelslach te meitsjen yn it bedongjen. Dêrtroch wurdt it no gelokkich mooglik om noch moai wat gers yn te heljen. Hoewol’t it noch wol in útdaging is om oan de dongskiedingseask te foldwaan, binne wy bliid dat de minister mei de agraryske praktyk meibewege wol.”

septimber 2, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.