Menno Simons as rjochtsinnich kristen
Resint ferskynd
Wat hjiroan foarôf gie: Eric Hoekstra: By Menno Simons syn Fûnemintboek yn ôfleveringen | It Nijs
In programmatyske ynlieding
troch Boaz Harmsen en Eric Hoekstra
Oer it Fûnemintboek
(Seksje 1)
It Fûnemintboek is de koarte titel dy’t almeast brûkt wurdt ynstee fan ’e folsleine titel It Fûnemint fan ’e Kristlike Lear. De earste printinge fan it boek ferskynde yn 1539. Om te begripen wêrom oft Menno Simons (1496-1561) dat boek skreau, moatte wy werom nei de bertetiid fan it protestantisme. Dêr ûntstiene doedestiids fuort al ûnderskate opfettingen oangeande de fraach wat it kristlik leauwe no krekt wêze moast. Yn earste opslach hiene Luther, Kalvijn noch Simons yn ’e rekken dat geweldleazens in wichtich aspekt foar de yndividuele kristen is. Sawol Luther as Kalvijn fûnen dat de oerheid mei geweld kristlike noarmen en wearden oplizze mocht. Luther spruts syn goedkarren út oer de ferfolging fan lju mei in oare miening as sines, en hy wie yn syn lettere libben ek in ûnferdraachsum antysemyt. Kalvijn wie net inkeld yn teory mar ek yn ’e praktyk skuldich oan ’e deafonnisen dy’t it stedsbestjoer minsken mei in oare miening oandie (lykas: Servet). Kalvijn stimde as lid fan it stedsbestjoer yn mei de eksekúsjes fan oarstinkende kristenen.
De werdopers of anabaptisten wiene yn it oanbegjin faaks de fûleindichste protestanten. Hja leauden fierder yn ’e doop foar folwoeksenen, mei’t de doop fan Kristus basearre is op:
- it berou oer it âlde libben.
- it beslút en begjin in nij libben yn neifolging fan Kristus.
Bern kinne ommers amper berou oer har âlde libben hawwe, en se kinne ek net de ferantwurdlikens oplein krije om in nij libben te begjinnen lykas beskreaun stiet yn Gods Wurd. Kristus sels liet him ommers ek earst dope doe’t er folwoeksen wie.
Guon werdopers leauden lykwols dat de eintiid op kommendewei wie, en oaren leauden dat se Gods keninkryk mei geweld stiftsje moasten. Dat besochten se ûnder oaren yn Münster (Dútslân) en yn Oldekleaster (Blomkamp by Boalsert). Menno Simons hat nea oan dit geweld meidien. It barde ek foardat er sels de roomske tsjerke ferliet. Syn broer die al mei en dy is by de striid om Oldekleaster omkommen. Menno Simons wenne en wurke oant syn bekearing as roomsk pryster yn Fryslân yn Penjum en Wytmarsum. Hy hat de doperske dwalingen fan tichtby meimakke, ek fia syn broer fansels. Hy rekke derfan oertsjûge dat in kristen ferduldich wêze moat, en gjin geweld brûke mei, mar it oare wang takeare moat. Dêr kaam er op út as gefolch fan syn stúdzje fan it libben fan Kristus, benammen by Syn proses, feroardieling en krúsgong. En de apostels hiene likemin as Jezus sels ea geweld brûkt om Syn lear buorkundich te meitsjen, lit stean dat se de oerheid brûkten om tsjinstanners de bek ta te binen.
De oerheid hie yn Menno syn dagen de doperske oprjochting fan har keninkryk (dat se tochten dat Gods keninkryk wie) mei bloedich geweld ûngedien makke. Under de opstannelingen wie ek in protte dwaallear lykas mearwiverij. Dat kaam troch harren ûnfermogen om te begripen dat it Nije Ferbûn, beskreaun yn it Nije Testamint, de libbenswize fan in kristen fêstleit, net it Alde Ferbûn, beskreaun yn it Alde Testamint. In protte tsjerken brûke noch hieltyd it Alde Testamint om in ûnsuvere hannelswize te rjochtfeardigjen, mar goed.
Alle protestanten waarden yn ’e tiid fan Menno Simons troch de oerheid ferfolge op oanstean fan ’e roomske tsjerke. Mar doe’t de kalvinisten de macht krigen, waarden de dopersken opnij ferfolge troch de oerheid, diskear op oanstean fan ’e kalvinistyske tsjerke. De dopersken binne dus de iennichsten dy’t sawol troch de roomsken as troch de kalvinisten ferfolge binne. Doe’t Menno Simons syn Fûnemintboek skreau, liet de oerheid him noch stjoere troch de roomske tsjerke.

‘Alle wurken fan Menno Simons’ en de Ingelske oersetting út 1871. foto Eric Hoekstra
Wêrom skreau Menno Simons syn Fûnemintboek? Him stiene dêrmei ûnderskate doelen foar eagen. De wichtichste binne hjirûnder opskreaun:
- Hy woe in geastlik-morele fyzje op it nachtmiel en de doop ferdigenje tsjin de lju dy’t tochten dat brea, wyn en wetter as materiële objekten letterlik mienskip mei Kristus teweibringe koene en de ferjouwing fan sûnden.
- Hy woe dwaallear ûnder de dopersken bestride, want der wiene ek frijsinnige tinkers lykas David Joris en oaren. Menno sels wie troch ende wer troch rjochtsinnich, en dat strykt fansels alhiel net mei frijsinnichheid yn it algemien, mar ek net mei de hjoeddeiske doperske frijsinnichheid (sjoch seksje 2).
- Hy woe de oerheid oproppe om de ideeën fan ’e dopersen, lykas beskreaun yn it Fûnemintboek, te bestudearjen, yn ’e hoop dat de oerheid ta de konklúzje komme soe dat de doperske ideeën bibelsk wiene en dat de oerheid ophâlde soe de dopersken te ferfolgjen en te fermoardzjen. Yn ’e kearn is hjir it idee fan ’e skieding fan tsjerke en steat oanwêzich.
- Hy seach de minskewrâld as in tsjoed plak, krekt as Jezus en Paulus, en fûn dat de kristlike noarmen en wearden binnen de gemeente praktisearre wurde moasten. Mei de bûtenwrâld moast men jin sa min mooglik bemuoie (útsein om te evangelisearjen fansels of foar it deistich brea), yn neifolging fan Paulus (1 Korintiërs 5:12-13):
“It is ommers net oan my om de lju te oardieljen dy’t bûten de gemeente binne. Jim oardielje ommers allinnich de lju dy’t binnen de gemeente binne. Mar lju dy’t bûten binne, oardielet God. En doch de kweadogger út jim midden wei.”
Luther en Kalvijn wiene freonen fan ’e oerheid wurden, en dus freonen fan ’e wrâld. Dat soerdaai is de oarsaak dat de tsjerken yn it sok fan ’e oerheid hieltyd wrâldsker wurden binne. Troch de ferfolging en moard fan ’e oerheid en tsjerklike autoriteiten op syn meibruorren en meisusters seach Menno Simons yn dat de wei fan wrâld en oerheid in dearinnende wei is foar it evangeelje. De Nederlânske dopersken binne yn lettere iuwen de wrâld ek op ’e lije side oankrûpt en hawwe de Bibel mear of minder loslitten as rjochtline foar de omgong mei de wrâld. It evangeelje en Jezus Kristus binne troch nije ôfgoaden ûnderstrûpt en lyts wurden yn ’e doperske tsjerke (seksje 2). De wiere erftgenamten fan Menno Simons binne de amish en de konservative mennoniten, want hja skoattelje harsels ôf fan ’e wrâld om har hinne, en se leauwe net dat it heil komme sil fan de dingen dêr’t de wrâld yn leaut (seksje 3). Sa skimerje troch Menno Simons en de amish hinne de kontoeren fan it wiere kristlike libben yn ’e praktyk, as in libben dat fan ’e wrâld en wrâldske sûnden ôfskoattele heart te wêzen. Dy seldichste ideeën treffe wy ek oan by de earste kristenen, dy’t foar in part noch streekrjocht ûnderwiis fan ’e apostels fan Kristus sels krigen hiene (sjoch seksje 4).
Takomme snein fierder.
Ferskynt it boek letter ek noch yn boekfoarm?