Mei de FUEN yn Triëste

septimber 23, 2021 13:31

In soad minderheden hawwe gjin rjochten en wurde diskriminearre. Neffens sprekker De Varennes moatte wy just grutsk wêze op de Europeeske diversiteit.

Pier Bergsma

De grutste organisaasje fan minderheden yn Europa is de FUEN. De Ried fan de Fryske Beweging is dêrby oansletten. It is wenst dat it jierkongres fan de FUEN yn ien fan de minderheidsgebieten fan Europa holden wurdt. Yn 2018 is dat kongres yn Ljouwert organisearre. Dizze kear wie it begjin septimber yn Triëste yn it noardeasten fan Italië, op de grins fan Slovenië en organisearre troch de Sloveenske minderheidsorganisaasjes yn dat lân. Ek dit jier wie der in nijsgjirrich programma fan lêzingen en diskusjes.

Ik behein my ta it panel fan de tongersdeitemiddei 9 septimber: ‘The future of Europe’s cultural and linguistic diversity’, Heechleraar Fernand de Varennes hie de wichtichste bydrage. Hy wie yn 2018 ek yn Ljouwert. Doe haw ik syn bydrage spitigernôch misse moatten. Dat hie te krijen mei Alisa Blintsova fan de Russyske skoallen yn Estlân, dy’t har net realisearre hie dat se op sneintemoarn betiid net mei de trein fan Ljouwert nei Schiphol koe. Sadwaande moast ik der mei har op út om in auto te hieren dy’t se op Schiphol ynleverje koe.

No dus wol De Varennes heard. Neffens him is de Europeeske diversiteit oan talen en kultueren fan grutte wearde. Underwiis yn de minderheidstaal docht allinne dan fertuten as it ferplichte is. Fansels moatte der genôch ûnderwizers wêze. In probleem foar guon lytse talen is it brek oan standerdisaasje. Soks hat bygelyks in negatyf effekt yn Graubunder yn Switserlân, dêr’t yn de iene delling in oare fariant fan it Romantsch praat wurdt as yn de oare. Minstens sa wichtich: de mearderheid fan de befolking moat derefter stean dat de taal op de skoallen ûnderwiisd wurdt. Yn it neipetear kaam de sichtberens en it ekonomysk belang fan in taal oan bar.

Fernand de Varennes hâldt him dwaande mei de minskerjochten fan minderheden, lykas it tefoaren kommen fan etnyske konflikten, de rjochten fan migranten, de relaasje tusken etnisiteit, minskerjochten en demokrasyen en it brûken fan federalisme. Hy waard beneamd ta spesjale rapporteur fan de Feriene Naasjes oer kwestjes fan minderheden troch de Human Rights Council en naam syn funksjes oan op 1 augustus 2017. Hy is ûnder oare bûtengewoan heechlearaar oan de Fakulteit Rjocht fan de Universiteit fan Pretoria (Súd-Afrika) en adjunct-professor oan de National University of Ireland-Galway (Ierlân).

De Ried sit yn de ûnderwiis- en de non-kin-state groep fan de FUEN
en hat dêr geregeld ynbring troch de relatyf geunstige situaasje yn Fryslân.

De Ried fan de Fryske Beweging sit yn twa subgroepen, yn de ûnderwiisgroep en de non-kin-state groep. Yn dy lêste groep sitte de fertsjintwurdigers fan talen dy’t net in eigen lân hawwe, lykas de Sorben en de Noardfriezen yn Dútslân, de Ladinysksprekkers út it noarden fan Italië of de Aroemeensksprekkers út Bulgarije. It mei dúdlik wêze dat sokke talen in folle swakkere posysje hawwe as bygelyks it Dútsk yn Súd- Tirol (Italië) of it Katalaansk yn Spanje, allinne al troch it tal sprekkers. Wy hawwe in pear kear yn it jier oerlis. Sa hiene wy op 20 oktober 2020 in digitale gearkomste fan dy groep.

It hinget fan de grutte fan it tal sprekkers ôf en fan de geografyske sprieding hoefolle sukses it stribjen om in lytse taal oerein te hâlden hat. Sa kom ik op de (minske)rjochten. Men kin fan betinken wêze dat elkenien rjocht hat om ûnderwiis yn de eigen taal te krijen. Yn guon gefallen is soks yn de praktyk net maklik te realisearjen. Dêr waard ik in tal jierren lyn mei konfrontearre yn Burgenland, yn it súdeasten fan Eastenryk. Dêr wennet yn guon doarpen mear as 20% fan de populaasje dy’t Kroatysk praat. Sokke âlden wolle graach dat harren bern de memmetaal op skoalle krije. Dat sil net tafalle as der yn in klasse mar ien of twa memmetaalsprekkers binne. Sokke ûnderwerpen komme fansels oan bar yn ús oerlis, want wat binne dan mooglike oplossingen? De situaasje yn Fryslân lit te winskjen oer, mar yn de diskusjes mei de oare minderheden blykt hieltyd wer dat it folle minder kin.

In aktive organisaasje

Ferline jier koe it jierkongres net trochgean fanwegen koroana. Dat nimt net wei dat de FUEN tige aktyf wie, fansels digitaal, mar doe’t it efkes koe, lykas yn septimber, wiene der neffens it jieroersjoch 22 aktiviteiten, benammen op it mêd fan polityk oerlis.

Nei mear as twa jier koene wy inoar wer sjen. Dizze kear dus yn Triëste. It soe wêze yn Gorizia, in stêd yn it noardeasten fan Italië op de grins mei Slovenië. Blykber wie der net in akkomodaasje te finen dy’t grut genôch wie. Wy hiene der wol de feestlike lêste jûn op saterdei mei iten, drinken en muzyk.

Meastentiids binne der sa’n twahûndert dielnimmers. Dat wie ek it tal doe’t wy yn 2018 de FUEN yn Ljouwert hiene. Troch koroana wie de groep no aardich lytser, sa’n hûndertfyftich. Ut East-Europa lykas út de eardere Sovjetrepubliken wie der net ien. Ik haw de list neisjoen, wol fertsjintwurdigers út: België, Bulgarije, Denemarken, Dútslân, Eastenryk, Estlân, Frankryk, Grikelân, Hongarije, Italië, Kroäsië, Poalen, Roemenië, Servië, Slovakije, Slovenië, Spanje, Oekraïne en Switserlân.

Sa’t it no liket is dit ien fan myn lêste bydragen oan it ynternasjonaal oerlis, want ik gean takomme jier út de Ried. It liket my fan belang om de ynternasjonale kontakten te ûnderhâlden. Dat sil grif slagje.

septimber 23, 2021 13:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.